Kerst vier je samen in de Sint Piterkerk in Grou
Grou – Op 20 desimber is der wer in gesellige krystmiddei yn de Sint Pitertsjerke fan 15:00 oere -16: 30 oere. Mei spesjaal omtinken foar it Fonteinenliet, dat in goai docht nei in hege notearring yn de Fryske top 100.
Grou is gjin stêd en hat gjin fontein mar de sjonger fan it liet Wim Beckers en it koar Skomjend Wiid komt om it live by ús te sjongen. En om mei te dwaan mei in optreden fan it Doarpsorkest Grou, en sang fan it UVV-koar Sjongnocht. Ek is der in bydrage fan ds. Marije Hage. De middei is in inisjatyf fan: PKN Grou-Jirnsum, UVV-Grou, Pleatslik Belang, Noorderbreedte Friesma State, Amaryllis doarpeteam súd en de Doarpskeamer Grou. De entree is fergees, in frije jefte wurdt wurdearre.