Ferhalejûn

Op Ferhalejûn moete Grousters inoar om te harkjen nei ferhalen

Grou – Op Ferhalejûn, freed 15 novimber, moetet hiel Fryslân inoar om te harkjen nei ferhalen. Ferhalen yn húskeamers, musea, kafees, gebouwen fan de oerheid, biblioteken, by ferienings en bedriuwen.

Je hoege echt gjin literêre fertellingen te hâlden, mar gewoan in ferhaal sa’t je dy oan in oar fertelle. Yn 2024 fertelle we mekoar ek wer yn Grou ferhalen, rûnom de Sint Pitertsjerke. It tema is ‘It fjoer yn my’! Dat kin gean oer freonskip, selsûntdekking, moaie oantinkens.

Tema Ferhalejûn

Dit jier is it tema ‘It fjoer yn my’. Ferhalen kinne gean oer dat iene wêr’tsto echt entûsjast fan wurdst. Ferhalen oer passy, trochsettingsfermogen, freonskip, selsûntdekking, kreativiteit en moaie oantinkens. En ek oer ferbining en mienskip, hoe’t bygelyks ien persoan oaren oanstekke kin en in kettingreaksje fan feroaring feroarsaakje kin.

Oanmelde

Harkje jimme mei nei de Grouster ferhalenfertellers? Wannear: Freed 15 novimber Lokaasje: Rûnom de Sint Pitertsjerke – Tiid: 19:15 ynrin, start 19:30 oere – Tagong: Fergees, wol graach oanmelde fia info@kritegrou.nl