einekuor

De Strampel flechtet einekuorren

De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, organisearret op sneon 10 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in beurs yn doarpshûs ‘De Trilker’ te Poppenwier. Elk is fan herte wolkom om der nei te sjen en in praatsje te meitsjen.

Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren: sa binne der klaai-,wetterlân-, Trynwâldster-, wylgetiennen – en toukuorren. Op de beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.‘De Strampel’ telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij.

De tagong is frij. Foar mear ynformaasje: Durk Wynia (foarsitter); (06) 39 74 99 41Fierders freegje wy jo omtinken foar de webside fan De Strampel (www.de-strampel.frl) dêr’t ynformaasje en in soad nijsgjirrige berjochten steane oer alles wat mei einen en koerflechtsjen te krijen hat.