Berichten

einekuor

(video) Beurs einekoerflechtsjen De Strampel

De Fryske Feriening fan Einekoerflechters De Strampel organisearret op sneon 22 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in Beurs yn Doarpshûs de Trilker te Poppenwier. Elk is fan herte wolkom. Redacteur Henk Brinkman ging in het verleden op bezoek bij eendenkorfvlechter Bouwe de Groot uit Grou. Bekijk hier de video.

Op bezoek bij eendenkorfvlechter Bouwe de Groot uit Grou. Video: Press4All

Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren. Sa binne der klaaikuorren (reid en flaaks), wetterlânkuorren (reid), Trynwâldsterkuorren, wylgetiennekuorren en toukuorren. De lêste jierren wurde der ek in soad fûgelhokjes fan reid makke en ferkocht.

Op de Beurs kin sjoen wurde hoe’t de ferskate typen kuorren en fûgelhokjes makke wurde. Dizze produkten kinne dêr ek kocht wurde.

De Strampel telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it einekoerflechtsjen. Elk jier docht de feriening in oantal kuorren kado oan bygelyks in soarchynstelling of in bernebuorkerij.

De tagong is frij. Fierders freegje wy jo omtinken foar de webside fan De Strampel www.de-strampel.frl dêr’t ynformaasje en in soad nijsgjirrige berjochten steane oer alles wat mei einen en koerflechtsjen te krijen hat.

einekuor

De Strampel flechtet einekuorren

De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, organisearret op sneon 10 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in beurs yn doarpshûs ‘De Trilker’ te Poppenwier. Elk is fan herte wolkom om der nei te sjen en in praatsje te meitsjen.

Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren: sa binne der klaai-,wetterlân-, Trynwâldster-, wylgetiennen – en toukuorren. Op de beurs is te sjen hoe’t de kuorren makke wurde en wat der mear makke wurde kin fan reid. Der kinne ek kuorren kocht wurde.‘De Strampel’ telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij.

De tagong is frij. Foar mear ynformaasje: Durk Wynia (foarsitter); (06) 39 74 99 41Fierders freegje wy jo omtinken foar de webside fan De Strampel (www.de-strampel.frl) dêr’t ynformaasje en in soad nijsgjirrige berjochten steane oer alles wat mei einen en koerflechtsjen te krijen hat.

(video) Beurs foar einekoerflechters

Video – Sneon 4 maart hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters ’De Strampel’ wer in beurs yn Poppenwier. Op dizze beurs demonstrearje einekoerflechters harren folkskeunst en litte de ferskillende soarten einekuorren sjen. Ek binne der oare kreaasjes fan reid te sjen.

Einekoerflechter Bouwe de Groot uit Grou. Video: www.press4all.nl

Einekuorren wurde der yn alle soarten en maten makke. De Strampel hat de ûnderskate kuorren in namme jûn, lykas wetterlânkoer (alhiel fan reid), klaaikoer (fan reid en flaaks), de wylgetiennekoer (fan wylgetiennen), de toukoer (fan reid en tou of hielendal fan tou). Jo kinne op de beurs alles te witten komme oer einekuorren. Fansels kinne der ek kuorren kocht wurde.

In prachtige gelegenheid om kennis te meitsjen mei dizze âlde folkskeunst.

De beurs is iepen fan 10:00 oant 16:00 oere. – Plak: De Trilker yn Poppenwier. – Tagong frij.