(video) Gemeenteried Ljouwert op wurkbesite yn Grou
Grou / Video – De gemeenteried is ôfrûne woansdei bypraat troch it bestjoer fan de doarpskoöperaasje Grou en de doarpsmanager Alberto Kinderman. Hinke en Lyda wiene út namme fan de fraksje fan FNP Ljouwert oanwêzich.
De doarpskoöperaasje Grou wol wurkje oan it ferbetterjen fan de wolfeart, it wolwêzen, de leefberens en de duorsumens foar de ynwenners fan Grou. Grutte ynset sil wêze om in multyfunksjoneel sintrum yn Grou te reaisearjen, oare tema’s binne romtlike ûntwikkelings, enerzjy, toerisme en in plakje foar de jongerein. De doarpskoöperaasje is drok dwaande om alle (sport) ferienings en stichtingen der by te belûken om boppesyeande saken foar elkoar te krijen.
De doarpsmanager hat as taak om as earste oansprekpunt dit mei de ferienings te realisearjen, troch kontakt te hawwen oer de takomstige plannen foar it doarp Grou.
Fideo ynrinjûn
De leden fan de doarpskoöperaasje krije de plannen foarlein, mei de reaksje fan de ynwenners fan Grou fan de ynrinjûn lêstendeis yn de Treemter. Dit sil liede ta in plan fan oanpak dêr’t de leden fan de doarpskoöperaasje in beslút oer nimme sille. Dêrnei is de gemeenteried fan Ljouwert oan set en sil der in einbeslút oer nimme
Al mei al in boeiende bijienkomst!
