Sint Piter

Sint Pitermiddei foar (âld) Grousters fan 55 jier en âlder.

Grou – De UVV ôfdieling Grou organisearret op sneon  21 febrewaris 2026 in gesellige Sint Pitermiddei  foar (âld) Grousters fan 55  jier en âlder.

De middei  wurdt holden yn’e Meniste tsjerke yn Grou, hoofdstraat 44. It is fan 15.00 oant 17.00 oere. Dit jier sil it bernekoar fan de skoallen de Twa Fisken en de CBS Nijdjip foar ús sjonge.  Sint Piter en Aldemar komme fansels ek en de muzikale begelieding komt fan Symon Odinga, dêr kinne wy net sûnder. Nei de ferlotting yn it skoft ha wy om 16.30 oere  noch in spesjale gast dy’t ús fan alles fertelle kin oer it Sint Piter feest. 

De seal giet iepen om 14.30 oere. De tagong is fergees. Wol efkes oanmelde foar 14 febrewaris 2026. Stjoer in mail nei uvv.grou@gmail.com of belje 06-53469857 of  06-19865261

Wy hoopje op in moaie opkomst en in gesellige middei.