(video) Zo houden Grousters het vlechten van eendenkorven in ere
Grou / Poppenwier – De Fryske Feriening fan Einekoerflechters De Strampel organisearret op sneon 14 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in beurs yn Doarpshûs De Trilker yn Poppenwier. Elkenien is fan herte wolkom.
Op de beurs is in grut ferskaat oan typen en modellen einekuorren. Der binne ûnder oare klaaikuorren (fan reid en flaaks), wetterlânkuorren (fan reid), Trynwâldsterkuorren, wylgetiennekuorren en toukuorren. De lêste jierren wurde der ek in soad fûgelhokjes fan reid makke en ferkocht.
Op de beurs kin sjoen wurde hoe’t de ferskate typen kuorren en fûgelhokjes makke wurde. Dizze produkten kinne dêr ek kocht wurde.
Secretaris van De Strampel Bonne Bruinsma plaats in maart 2021 een eendenkorf in Grou
De feriening De Strampel telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it einekoerflechtsjen. Alle jierren docht de feriening in tal kuorren kado, bygelyks oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij.
De tagong is frij.





