(video) Beurs foar einekoerflechters

Video – Sneon 4 maart hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters ’De Strampel’ wer in beurs yn Poppenwier. Op dizze beurs demonstrearje einekoerflechters harren folkskeunst en litte de ferskillende soarten einekuorren sjen. Ek binne der oare kreaasjes fan reid te sjen.

Einekoerflechter Bouwe de Groot uit Grou. Video: www.press4all.nl

Einekuorren wurde der yn alle soarten en maten makke. De Strampel hat de ûnderskate kuorren in namme jûn, lykas wetterlânkoer (alhiel fan reid), klaaikoer (fan reid en flaaks), de wylgetiennekoer (fan wylgetiennen), de toukoer (fan reid en tou of hielendal fan tou). Jo kinne op de beurs alles te witten komme oer einekuorren. Fansels kinne der ek kuorren kocht wurde.

In prachtige gelegenheid om kennis te meitsjen mei dizze âlde folkskeunst.

De beurs is iepen fan 10:00 oant 16:00 oere. – Plak: De Trilker yn Poppenwier. – Tagong frij.